Mulder, Tiny

(© Foto: Het Hoge Noorden/Jaap Schaaf)

Tiny Mulder (2 april 1921 - 4 novimber 2010)

Fragminten út fraachpetearen

’Ik skreau yn dy earste jierren yn in fêste fersfoarm. Ja, ek wol frije fersen, mar ik hie net it idee dat dat gedichten wiene. Doe’t ik Amerikaanse poëzij fan nei de oarloch lies, seach ik dat soks ek sa skreaun waard. Dy losse manier fan skriuwen, dat lei my ek hiel goed en doe doarst ik dêr ek mei nei bûten te kommen.’
Huis aan Huis, Jelle Bangma, 28 maart 2001

 

’Twa saken hawwe grutte ynfloed op myn wurk hân: de oarlochsjierren en it leauwe. Troch de oarlochsjierren haw ik ûnderfûn wat it ynhâldt as minsken oare minsken leech lizze en wat de gefolgen dêrfan binne. It is ferskriklik wat minsken elkoar oandwaan kinne. Ik kin ek hielendal net oer dat yndividualisme mei altyd de klam op jild en ekonomy. As teener haw ik de krisisjierren meimakke en haw de earmoed by ús thús ûnderfûn. Soks wolle jo in oar dochs net oandwaan.
/.../ It leauwe is foar my in ûnderstream yn myn libben. In stream dy’t my draacht, lykas in boatsje mei syn ups en downs; mei moai silerswaar en stoarm. Wannear’t it by my stoarmet? De kearen dat je der neat mear fan leauwe. By it âlder wurden wurdt it betrouwen lykwols hieltyd grutter dat de stoarm wol wer lizzen giet.
/.../ Ja, eins is it absurd dat ik tachtich wurd, ik fiel my net sa, hen. De leeftyd is my eins ûntkommen. Ik kin my as in bern fiele en soms as in teener as ik bygelyks fersen útwikselje mei in beppesizzer fan my út Amearika. In âld mins fiel ik my nea, dy sjoch ik frjemd genôch allinne mar om my hinne.’

Friesch Dagblad, Gerbrich van der Meer, 31 maart 2001

Oersettings Bitterswiet

It gedicht Bitterswiet fan Tiny Mulder waard yn it ramt fan it Europeesk Jier fan de Talen 2001 oerset yn 82 talen.

Foto

(© Foto: Argyf Frysk en Frij)

Tiny Mulder lêst op in boekepresintaasje fan Frysk en Frij yn ’e Prinsentún te Ljouwert (17 augustus 1997) har gedicht Earen foar, út de sammelbondel Stilte.

EAREN

De eagen ticht
mar wêr litst de earen?
by saterdûns
op sketterlûdtechnyk,
it rop - en - razerichferkear op eltse dyk,
sels nachts
kinst nearne mear de stilte heare

Neamst it dan straf,
of wrede grap, as bliken
docht hoe’t starich
it skerpe fan ’t gehoar
teloar giet,
fûgels swije ien foar oar
en stimmen
fierder nei de fierte wike

It fielt wol frij
twa minuskule knopkes yn ’e earen
om nei beleaven
lûd te fangen of te kearen,

mar tryst foargoed
is ’t wier belibjen oer
fan Bachs muzyk, syn ’Ruhe nur’;
dy iene iensume lêste noat
en dan
dy stilte

Skriuwers yn byld: Tiny Mulder