Meer van der, Aggie

Aggie van der Meer (* Boalsert 1927) publisearre poëzy yn ’e literêre tydskriften Hjir en Tzum. Yn 2000 ferskynt har debútbondel De stêd, it bist, de ingel yn 2002 de dichtbondel Hân oan ’e muorre. Yn 2002 ferskynt ek har debútroman Lytse roman fan Jon Fels. Yn 2004 wurdt dizze roman troch harsels oerset yn in it Nederlansk (Kleine roman fan Jon Fels). Yn 2004 ferskine ek de dichtbondel Wachtsjen op it daagjen en de ferhaleroman Untdekking fan de wrâld. Yn 2005 ferskynt de roman Pauwehôf. De histoarise famyljeroman Oerfeart ferskynt yn 2006 en dêr wint se yn 2011 de Piter Jelles Priis mei.

Fragminten út in fraachpetear

/.../ It moaie fan skriuwen fyn ik dat ik my weromlûke kin fan alles wat der misgiet yn ’e wrâld. It skriuwen is foar in part in manier om dêr oan te ûntkommen. Mar yn myn wurk stel ik wol maatskiplike saken oan ’e oarder. Nim no de Lytse roman fan Jon Fels. As mem soe ik der grutte problemen mei ha as myn bern mei in pedofyl omgean soene. Tsjintwurdich bin ik op in leeftyd dat ik my dêr net mear drok om meitsje kin. Dus koe ik it no yn ’e foarm fan in roman oan ’e oarder stelle.
/.../ Fregest my no wêr’t dy driuw weikomt om dy tsjin ûnrjocht te fersetten. Miskien komt it by myn âlden wei. Wat net rjochtfeardich wie, dêr moast wat oan dien wurde: dy hâlding hiene sy sterk. Myn heit siet yn it parochybestjoer. Hy koe net ferneare dat tsjerkeplakken ferkocht waarden en dat ien mei jild op in moaier plak siet as in oar. Dat dat feroare is, wie mei syn wurk. Op it skoalplein waard ik altiten lulk as bepaalde famkes net mei de spultsjes meidwaan mochten. Dus soarge is derfoar dat se àl meidwaan mochten. Mar’ - en no moat Aggie van der Meer even laitsje - ’dan wie ik wol wer wat teloarsteld as se my net tankber wiene.’
de Moanne, 7 septimber 2006, Jelma Knol

Mear ynformaasje oer de skriuwster:

Sirkwy

Webside fan Aggie van der Meer