Jong de, Mentha

(© Foto: Argyf Frysk en Frij), Mentha de Jong by in boekepresintaasje fan Frysk en Frij yn ’e Prinsentún te Ljouwert, 17 augustus 1997.

Mentha de Jong (1919-2005)

Mentha de Jong wie besoarchster fan ’e postume útjeften fan wurk fan Froukje Annema-Noordenbos: de sammeldichtbondel ’Fan al den dei’ en de samling koarte ferhalen ’In kop fol bylden’. By it ta stân kommen fan it wurk fan Froukje Annema en ek fan dat fan har heit, de romanskriuwer Hoatse de Jong (1884-1982), wie hja in ynspirearjend kritikus. Foar mannichien dy’t nocht hie en hâlde woe oan Fryske taal en -literatuer wie hja allyksa in betroud en besieljend klankboerd.