Jansma, Klaas

Klaas Jansma. Berne op 4 jannewaris 1949 te Ychten. Hy hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy’t by de KFFB útjûn wurde: Om Teatske (1995), De fermisten (1998) en De slach om Transkei (1999). Hat frijwat non-fiction skreaun (oer Frysk toniel, korpsmusyk, skûtsjes en regionale skiednis) en kabaret (foar Ratattete en It Wâld).