Wybenga, Jan

Jan Wybenga (Warten 1917 - Grins 1994) wurdt wol beskôge as de belangrykste moderne dichter yn de Fryske literatuer. Hy wûn twa kear de Gysbert Japicxpriis, de heechste literêre ûnderskieding foar Fryske literatuer.

De Samle fersen omfiemje de acht dichtbondels fan Wybenga én sa’n twahûndert earder net-bondele fersen mei in wiidweidige ynlieding fan Abe de Vries. Op in tafoege CD draacht de dichter tritich fan syn fersen foar.

Yn in ynventarisaasje wurdt it byldzjend wurk fan Wybenga opnommen (sa’n twahûndert wurken: akwarellen, gouaches en tekeningen) mei in seleksje fan in hûndertfyftich reproduksjes yn in kleurkatern.

Yn dizze útjefte wurdt Wybenga syn dichtkeunst no foar it earst sammele mei syn byldzjend wurk. Oer en wer wurdt in link lein tusken it dichtwurk en de byldzjende keunst.

By gelegenheid dêrfan wurdt yn Wybenga syn bertedoarp in útstalling organiseard oer syn libben en wurk dêr’t syn literêr oeuvre sintraal stiet anneks mei syn byldzjende keunst. Soks yn ’e mande mei Museum De Súdwâl en yn gearwurking mei de gemeente Boarnsterhim (der wurdt ûnder oaren sjoen nei de mooglikheden in strjitte yn Warten nei Jan Wybenga te ferneamen). Wethâlder Hermien de Haan-Laagland sil de útstalling iepenje.

In nijsgjirrige bykomstichheid is dat Wybenga syn pake Jan Wybenga  - yn Wybenga syn dichtwurk Jan 1 neamd - yn 1881 skoalmaster yn Warten wurdt , en fan 1894 oant syn pensjoen yn 1921 dêr haad is.

As ’Master Wybenga’ nei fjirtich jier op syn fiifensechstichste ôfskie nimt, wurdt him in jubileumboekje oanbean troch it doarp Warten mei gâns bydragen yn it Frysk.

Wybenga eksperimintearde wakker mei ferskillende stilen. Syn wurk lit in miks sjen fan modernistise ynfloeden fan foar de Twadde Wrâldoarloch, soks kaam nei de oarloch yn Fryslân oanwaaien. Dat Wybenga doe al mei modernistyske techniken yn ’e slach wie, kin tsjûgje fan in sekere iepenheid, want soks wie yn dy tiid hjir nij.

It wurk jout in moai tiidsbyld, benammen de selsportretten út de tritiger jierren, en lit in ynteressant ferbân sjen mei it literêr oeuvre.