Hem van der, Bouke

(© Foto: Jan Kalma/Tresoar)

Bouke van der Hem (Terzool, 1946) is jurist en mediator yn Grins.

Fragminten út in fraachpetear

Yn Sloppe Opels wie de sintrale figuer ’a hollow man’, in oplichter, dy’t troch in sensibel njonkenpersonaazje sawol bewûndere as (letter) trochsjoen waard. Dy wat ûngemaklike kombinaasje fan bewûndering en sinisme (ferachting) karakterisearret it wurk fan Van der Hem, en makket it nijsgjirrich want skerp en humoristysk analisearjend. It is in lûd dat wy oars net in protte hearre yn de bytiden wat nuete Fryske fertelliteratuer.
By Bouke’s twadde, 
It poadiumbeest, spile ek wer it kontrast tusken bewûndering en sinisme in rol. Diskear rjochte de sinyske grime syn pylken op de âlde polityk, en waard de bewûndering foar in poadiumbist ferbûn mei de bewûndering foar Fortuyn. Dêrmei roerde de skriuwer oan in taboe. Want de trochsneed yntellektueel koe (kin?) net bewûndering foar Fortuyn tajaan sûnder himsels yn de eagen fan de communis opinio bûten spul te setten. My komt noch hieltyd it swijen fan myn petearpartners op it wurk yn it sin doe’t ik sei dat ik twa boeken fan Fortuyn lêzen hie. Of de anekdoate fan in famyljelid: hy treau in kunde in boek fan Fortuyn yn ’e hannen en dy lêste liet it boek mei fysike wearze op de tafel falle, woe it sels net ynsjen. Eins fyn ik dy hâlding ferachtlik, mar tagelyk paste ik myn resinsje fan It poadiumbeest behoarlik wat selssinsuer ta. Ik bin ek in kuddedier.
Hjir, augustus 2006 (nr. 4), Eric Hoekstra