Dykstra, Lida

(© Foto: Leeuwarder Courant/Wietze Landman)

Lida Dykstra is yn 1961 berne op It Hearrenfean. Fan 1994 ôf binne der in grut tal berneboeken fan har ferskynd (û.o. Leaverikjes,Snotaapkes en Wolken fan wol). Yn 2000 debutearret se mei de dichtbondel Frou ûle.

Fragminten út in fraachpetear
"Ik liket miskien krekt oft ik dit jier pas mei dichtsjen begongen bin, mar dat is net sa. It skriuwen fan berneferhalen en it meitsjen fan fersen is altyd lykop gongen. Myn earste fersen binne al yn 1993 yn it literêre tydskrift Hjir publisearre. Mar doe wie ik der noch net oan ta om in fersebondel te skriuwen. Ik haw in oanrin nedich hân.’’ /.../ "It dichtsjen soest in twadde tûke fan my neame kinne, in skriuwersaktiviteit dêr’t ik oare registers by iepen lûke kin. By in berneferhaal moatst altyd tinke fan: past it by de doelgroep en is it net te dreech?’’

Friesch Dagblad, 13 desimber 2000