Duursma, Swaantsje

Swaantsje Duursma (berne 29 desimber 1928 - ferstoarn 13 desimber 2007) - dichtersnamme fan Swaantsje Zeinstra-Monderman. Publisearre fersen yn ’e Friesche Koerier, De Friesche Kerkbode, Fryske Skriuwerskalinder, Frysk en Frij en de Leeuwarder Courant.

Fragminten út in fraachpetear

Ut in fraachpetear by gelegenheid fan har achtste fersebondel Blide oeren:

/…/’’It is in útdaging om de blidens fan binnenút foarm te jaan.’’
/…/Het dichten zat er al vroeg in. Op haar zeventiende zette ze voor het eerst een versje op papier en daarna dichtte ze menig tekst. Zo is het clublied van gymnastiekvereniging Longa uit Wijnjewoude van haar hand. ‘Ik haw ek wol lietsjes skreaun dy’t ik mei myn freondinnen of mei myn broer Andries song. En it liet oer de Weinterper Klokken bygelyks hat lang op it rippertwaar stien fan it koar fan de plattelânsfroulju fan Wynjewâld.’
/…/’’It is in foardiel dat ik op it plattelân opgroeid bin, midden yn de natuer. Ik ha safolle moaie dingen om my hinne sjoen en dat wol ik útdrage.
Troch al dat moaie haw ik ek it leauwen fûn. Ik wie froeger faak siik, mar ik tocht: der moat in kracht wêze dy’t my ek helpe kin om der út te kommen. Op in snein bin ik sa de tsjerke yn rûn, it gongpaad del, en sitten gien. It leauwen jout my hâldfêst.’’
/…/’’Ik bin der noait foar sitten gien, it moat yn my opkomme. By jûntiid komt my faak samar wat yn ’t sin. Soms begjint it mei de earste rigel, soms mei de lêste. En meastal foarmet sa’n fers him dan yn ien kear.’’
Swaantsje Duursma yn petear mei Fokke Wester, Drachtster Courant, 17 jannewaris 2007