Dotinga, Jan

(© Foto: Leeuwarder Courant)

Jan Dotinga waard yn 1934 te Britsum berne en groeide yn it Stienzer Aldlân op. Hy folge oan ’e Herfoarme kweekskoalle Mariënburg te Ljouwert de oplieding ta ûnderwizer en stie oan ’e kristlike legere skoallen yn De Pein, Skearnegoutum, Marrum, It Hearrenfean en Ternaard. Dêrnei wie er fjouwer jier learaar oan de Lânbouhúshâldskoalle te Garyp. Fan 1969 oant 1985 wie er haad fan ’e Skoalle mei de Bibel fan Droegeham. Oant 1992 wie er dêr learaar by it basisûnderwiis.

Yn 1991 skreau Dotinga foar de Sneker Cantorij Lieten foar libbenen, op muzyk set troch Wim D. van Ligtenberg. Yn 1993 fierde it Noord Nederlands Kamerkoor syn tekst Bonifatius yn Fryslân út, allyksa fan deselde komponist. Mei Baukje Wytsma soarge er foar de sjong- en sprekteksten yn it muzykspektakel Gysbert sjongt, dêr’t de Boalserter Oratoariumferiening yn 1995 har 50-jierrich jubileum meiIerde, op wizen fan Jaap Oosterwijk.

Yn ûnderskate tydskriften en sammelbondels waarden fersen fan Dotinga opnommen. Yn 1985 kaam fan syn hân út: De Ham in doarp op ’e Sânen, in histoarje fan Droegeham.