Burg van der, Sjirk Frânses

Sjirk Frânses van der Burg by de Kneppelfreedbetinking yn 1986
(© Foto: Argyf Sjirk Frânses van der Burg)

Sjirk Frânses van der Burg (berne Langsweagen 21 novimber 1917 - ferstoarn Lippenhuzen 7 juny 2008)

De samler en skriuwer Sjirk Frânses van der Burg fan it skiedkundich wurk 1945, de befrijing, waard berne yn 1917 te Langsweagen yn in Frysksinnich boerefermidden; hy waard sels feedokter en wenne letter te Lippenhuzen.
As studint diergenêskunde beweegde er him yn Frysksinnige rûnten. Yn ’e Twadde Wrâldoarloch wie er fan desimber 1942 ôf foarsitter fan ’e Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Hy krewearre derfoar om de skieding mei alles wat Dúts wie, skerp nei foaren te bringen.

Van der Burg rekke yn it ferset en naam de foarstap ta it opsetten fan it yllegaal fersetsblêd Frysk en Frij. Hy waard dè man achter dat Fryske en frije ûndergrûnse pamflet - dêrom dy namme - dat de foarrinner is fan it tydskrift Frysk en Frij (25 maaie 1945-desimber 1997), en dêr’t útjouwerij Frysk en Frij op har tiid út ûntspruten is.

Sjirk F. van der Burg spile ek in rol by Kneppelfreed - freed 16 novimber 1951. Troch de Ljouwerter kantonrjochter wie him it rjocht ûntsein om him yn it Frysk te ferdigenjen foar in ferkearsoertrêding. Fedde Schurer gong foar syn saak yn ’e pleit en moast doe sels foarkomme omdat er yn in redaksjoneel stik de magistratuer op it sear kommen wie. Dêrby besocht it plysjeapparaat om meistanders, omstanders en ferslachjouwers mei kneppels en wetterkanonnen fan it Saailân (foar it Gerjochtsgebou) ôf te reagjen.
Kneppelfreed stie tenei foar de striid foar it brûken fan it Frysk yn it iepenbier domein.
(Sjoch ek: Frysk en Frij 50 jier – de wûnderlike libbensrin fan in strider; 1995)

--

In Memoriam foar Sjirk Frânses van der Burg, pleatst yn it Tijdschrift voor Diergeneeskunde, deel 133, aflevering 16, 15 augustus 2008


Grutte fersje: pdf-bestân
Yn de oanhef moat "
? Meppel" "? Lippenhuzen" wêze.