Boersma, Doet

Doet Boersma is berne yn 1958 yn Wjelsryp. Se wennet en wurket as byldzjend keunstner yn Ljouwert. Nei de Keunstakadeemje fan Grins, joech hja jierren skilder- en tekenlessen yn Grins en Ljouwert oan de learare-oplieding.
Fan 1991 ôf hâldt se har allinne dwaande mei eigen byldzjend wurk en jout lessen yn eigen atelier. Hja eksposearret no en dan op ferskate plakken.