Bastiaans, Giny

Giny Bastiaans (Giny Bastiaans-Yedema), berne yn 1945 te Boalsert, publisearre berne- en jongereinferhalen yn it blêd De Holder - letter Switsj - en yn ’e ferhalebondels De fersierde Krystbeam (1995), Din Din Doasy (1999) en allyksa ferhalen foar folwoeksenen yn ’e sammelbondels Fryske Winterferhalen (1997) en Simmerferhalen(2000); dêrneist publisearre se gedichten op ’e Fryske Skriuwerskalinder, yn tydskrift Frysk en Frij, Fersefariaasje enHolland heeft mooi weer op zondag. Se skriuwt liet- en kabaretteksten, ûnder oaren foar de groep Los sân.