FEROARINGS FAN KLIMAAT

Ympresje boekpresintaasje, Blessum 27 april 2013

 ALBERTINA SOEPBOER

 

Sneontemiddei 27 april. De wyn is kâld en skerp. De gersmoanne is kaam mei froast, kwalik kleur yn ’e fjilden, stofwinen en in winterjas oan. Feroaret ús klimaat? Wat it klimaat dwaan sil, is min te foarsizzen, sa lei ien my lêsten út. Ien fulkaanútbarsting, en fan alle jiske yn ’e atmosfear reitsje de klimaatfoarsizzingen wer yn ’e war. Dêr komt by dat it natuerlik lykwicht fan ús planeet ek fersteurd is. Ien lytse feroaring kin dêrom in ûnferwacht grut effekt ha. In like wiffe tiid is al in skoftsje lyn begûn yn ’e Fryske literatuer. Yn ús saneamde literêre ynfrastruktuer sitte gatten. Troch de finansjele krisis en de opkomst fan internet sitte in protte útjouwers en boekhannels yn swier waar. Skriuwers en dichters witte net rjocht wêr’t se mei har wurk hinne moatte, want ek de literêre tydskriften feroarje troch dyselde krisis en datselde internet. De ynstituten reagearje ferkrampt op de ûntjouwingen. Mar ien lytse feroaring kin in grut effekt ha yn sa’n soarte fan klimaat. Op it stasjon yn Harns skynt de sinne. Ik bin ûnderweis nei de presintaasje fan mar leafst fjouwer boeken fan útjouwerij Frysk en Frij.

Underweis is it lânskip besiedde mei wynmûnen. Ik hâld fan wynmûnen dy’t altyd en ivich mar warber binne mei de wyn om ús fan skjinne enerzjy te foarsjen. Wynmûnen binne foar my it âlde en moderne yn in dûns sûnder tiid. It wynmûnepark tusken Harns en Frjentsjer fergelykje ik altiten mei Stonehenge. Ien út de tiid dat Stonehenge der krekt wie, dy sil net witte wat dy mûnen betsjutte, lykas wy net witte wat Stonehenge no krekt foarstelde. Wie it in ritueel plak? Of in plak om de tiid te mjitten? En dy draaiende dingen dêr, sa sil dy frjemdling tinke, binne dy foar in ritueel of foar wat oars miskien? Hoe dan ek, it wynmûnepark en Stonehenge binne beide plakken fan transformaasje, plakken dêr’t de ferbylding fan de minske rommer fan wurdt.

De ferbylding fan ’e minske wol foarút, wol de romte fine. Dêrom rin ik de pear kilometer fan stasjon Deinum nei Blessum ta. Deselde kâlde wyn blaast as yn Harns, mar de wolken streame folle hurder en heger rjochting see. It liket in einleas spul en ik rin mei. Flak foar Blessum rint in lyts paadsje de greiden yn. Ik wurd nijsgjirrich. At ik by in brechje oer in sleat kom, kin ik oer de spoardyk hinne sjen. Ynienen feroaret it perspektyf. De Amerikaanse wynmûne dy’t niis allinne noch mar syn wjukken sjen liet, stiet no yn in wiids lânskip. As stie er op in prairy. Kinst de dingen altyd oars sjen as dat se earst lykje. Dat hinget allegear fan dyn plak ôf, en it fan plak feroarjen fansels.

Dan winkt de toer fan de Mariatsjerke dêr’t de presintaasje is. Ik rin nei it doarp ta. Ik sit in skoft op in trepke by de terp. De wyn slacht kâld om my hinne. Ik skûlje tusken wat it earste grien wêze sil. Oer de wrâld komt in flues fan stilte. Dan is it samar fjouwer oere en rin ik it prachtige tsjerkje yn dat al rillegau fol rekket. As hat it sa wêze moatten, neist my yn ’e tsjerkebank dûkt Han op, de bibliotekaris fan myn middelbere skoalle yn Dokkum en dy’t ik altiten as frijwilliger holp yn de biblioteek. Wy hawwe inoar heel lang net sjoen en binne der even stil fan. Dan giet it oer boeken en foaral oer de leafde foar boeken, in leafde dy’t net oergiet, en dêr’t ek in krisis net oankomme kin.

It programma begjint mei de nije roman fan Leo Popma As gong dêr in oar, in roman dy’t giet oer taal en identiteit. Popma lêst foar en op ien of oare manier dwale myn gedachten ôf. It jonge en froulike personaazje dat Popma beskriuwt, sjoch ik wrakseljen mei har taal en in man. Se wennet oeral en nergens, mar kin it Frysk net achter hat litte en is sels in taalpuriste wurden. It suvere Frysk as basis dêr’t ien nei werom moat om te begripen wa’t ien is. ‘As behearske se har flechtich bestean mei in puriteins rezjym yn taal’ sa einiget Popma syn foarlêzen. Nijsgjirrich, mar is dat altyd sa? Ik sjoch myn eigen generaasje dy’t al sykjende en reizgjende ta nije perspektiven kaam is. Miskien is dat wol in generaasjeferskil. Wat de iene generaasje noch fan kommentaar foarsjocht en opfalt, is foar de oare al foarby of krekt heel gewoan.

De folgjende dichter komt yn alle gefallen mei in heel oar perspektyf. Foppe Venema wennet al tweintich jier yn Frankryk. Syn nije dichtbondel hjit Le Tour de Frise en syn presintaasje iepenet mei in syklus oer Haitze Holwerda, de boer yn de roman De sûnde fan Haitze Holwerda fan Ulbe van Houten, dy’t him ôfspilet op ’e pleats Terphûs oan ’e Blessumerdyk ûnder Blessum.

I

Sa high op ’e klaai
sa straight op ’e smelle reed
hast it noch noait sjoen.

Dat komt troch Haitze
Holwerda dy’t ‘Eat your pie
before you die’ sjongt.

As tatûaazje
Syn motto: ‘Sûnde en spyt
is wat de ko skyt.’

Ferskillende talen rinne trochinoarhinne en meitsje wat nijs. Dit is in dichter dy’t op syn eigen manier in plak siket yn ’e Fryske literatuer. Gjin swiersettigens oer taal, gjin nostalgysk weromsjen nei in literêre tradysje, mar ‘Eat your pie before you die’. Wy einigje mei it en masse sjongen fan in spiritual fan Bob Marley.

Dan is it skoft. Mei in hele protte lekkere hapkes en drankjes. De minske kin ek wol wat oar iten brûke op sa’n middei. Sa binne wy yn ’e kâlde wyn op it tsjerkhôf wat ûnwennich en klommerjend oan it iten en it drinken. Oant wy de tsjerke wer yn kinne en wer sjonge meie. Neist my yn ’e tsjerkebank dûkt no kollega-dichter Cornelis van der Wal op. It oargel set yn en wy sjonge it gesang ‘De Hear is myn hoeder’ as wie it deistige kost. Cornelis hat in moaie djippe stim en ik tink oan lang lyn, yn tsjerken fol stof en stimmen, oan dingen dy’t ik my eins kwalik herinnerje kin. En dan ferskynt Matty de Vries mei har twatalige débutbondel WAKKERweromsjen. Har fersen nimme ús mei nei in oare tiid ta, mar wol op sa’n manier dat dy tiid oan te reitsjen is, nei te kommen falt.

MEM – Ps. 23

út de keuken stiget de walm
fan fleis en in psalm omheech
            de Heer is myn herder ’k heb al wat mij lust

hja sjongt har in wei troch har triennen
en rattelt mei de pannen
            Hij zal mij geleiden naar grazige weiden

it fleis giet troch de mage
de psalm troch alles hinne
            Hij voert mij al zachtkens aan waat’ren der rust

Se fertelt dat it skriuwen yn it Frysk har nei in oare laach brocht hat en har dingen beskriuwe lit dy’t yn in oare taal oars sein wurde. Ien taal dy’t ien part fan ’e minske bleat leit. Wylst oare talen oare stikken sjen litte. Hoe wakker kin in minske wurde? Sa.

Dan komt Rypke Sierksma mei syn biografyske oantinkens: Nestgeur, notities van een verdwaalde Fries. Hy giet op de kânsel stean. Oer my fleane wurden as meartaligens en eksotisme hinne. Ik kin my der net by bepale. Ik dwaal ôf en fier fuort, miskien wol troch it tefolle oan wurden. Miskien wol troch it kontrast mei de poëzij en de muzyk dy’t sûnder wat út te lizzen har meartalige ferhaal fertelle. Dat ferhaal oer hoe’t minsken sykje nei betsjutting en dat taal dêr inkeld in middel is.

It kin ek mei bylden lykas dichter/skriuwer Reinder van der Leest oan ’e ein docht at hy syn eksposysje yn ’e tsjerke iepenet. It binne skilderijen fan froulju dy’t oan Frankryk en Matisse tinken dogge. Kleurryk, fertellend en soms noch net ôf. As oft de froulju noch wat te sizzen hawwe en noch net hielendal út de ferve komme.

Bûten op it tsjerkhôf is it kâlder wurden. De sinne is fan in prachtich striegeel. Noch mear hapkes en drankjes ferskine op lange tafels. En boeken fansels. Om it thús nei te lêzen. Om it betsjutting te jaan. En ik tink wer oan de wynmûnen yn ’e fierte.