Oer dizze side

.

Dit is de nije side fan Utjouwerij Frysk en Frij. De âlde side fan Frysk en Frij bliuwt as argyf beskikber en is hjir te finen.


De hobbits fan Ljouwert

.

Ympresje troch Johan Oppewal

(foto’s: Jessica van der Staak)

Hobbits freonlike minskjes dy’t sljucht binne op ferklaaiersfeestjes mei lekker iten en drinken, en dêr alle tiid nimme om meiinoar te babbeljen oer dingen dy’t der net ta dogge yn ‘e grutteminskewrâld. It neiplúzjen fan famyljebannen is har populêrste ûnderwerp fan gesprek, se fertelle elkoar graach sprookjes en se hawwe ek in protte belangstelling foar alles wat mei har eigen hobbit-taaltsje te meitsjen hat. Se libje yn in soart fan teletubby-lân yn in úthoeke fan Europa (Midden-Ierde) en komme selden of noait bûten har eigen Goa. Gjin ynteresse foar de bûtenwrâld, allinnich each foar elkoar.

Seal

Doe’t J.R.R. Tolkien dizze fantasy-figueren betocht, hie er de Ingelsen fan foar de oarloch yn gedachten. Ofkeard fan de rest fan ‘e wrâld, passifistysk ynsteld, hopen de eilanners dat de oarloch wol oerwaaie soe, en dat Mordor-Dútslân ûnder lieding van Sauron-Hitler foar rede fetber wêze soe. Dy strúsfûgelpolityk wurke net en it kaam allegearre heel oars, sa’t elkenien wit, mar dat hoecht hjir fierders gjin útlis want dêr giet dit ferhaal helendal net oer.

Dit stik giet oer heel wat oars. It is in ferslach fan de presintaasje fan de oersetting fan it earste diel fan de trilogy ‘The Lord of the Rings’ yn it Frysk, yn Ljouwert op freed 25 novimber 2011, yn it gebou fan Tryater. Yn oanwêzichheid fan sa’n twahûndert minsken, in seal fol al ferklaaide freonlike Fryske minskjes dy’t it har lekker smeitsje lieten en yn mylde stimming meiinoar yn diskusje gyngen, dêrnei al of net it boek kochten en doe optein nei hûs giene of nei it folgjende literêre feestje.

Iten

In prachtige lokaasje is it gebou fan Tryater, yn in âld skoalgebou oan ‘e râne fan ‘e binnenstêd fan Ljouwert. Goeie keus fan de útjouwer om hjir boekpresintaasjes te hâlden. En as wiene se sels lokaasjeteatermakker, ha Frysk en Frij en Elikser fan alle mooglikheden fan it gebou gebrûk makke, oant en mei de kostúms dy’t foar alle oanwêzigen beskikber wiene. Foar de leafhawwers wie sels in rûnlieding mooglik troch it gebou, fersoarge troch saaklik direkteur Siard Smit fan Tryater. In tocht achter de kûlissen lâns. Ut Smit syn ferhaal wurdt dúdlik dat it eins oan Halbe Zylstra te tankjen is dat dit gebou no beskikber is foar dit feestje, want de besunigingen fan dizze kultuer-sanearder twinge dat sa effisjint mooglik gebrûk derfan.

Werom fan de rûnlieding binne de hobbits al yn mannichte oanwêzich, yn allerhanne hippy-achtige gewaden. Se smite har op de eksoatyske hapkes lykas ‘siist’ en ‘tsraow’, of in pantsje poddepot-sop, pompoene-pepo of spek-rejappels. En nei in pear glêzen ‘nyw’ slûpt gauris ien nei de ‘seksuh’ om te ‘negim’. Sa komt de stimming der lekker yn. En dan moat it echte feest noch begjinne: de presintaasje fan it boek mei dêromhinne sprekkers en dêrnei noch de paneldiskusje.

Utjouwers moatte hyltyd mear út ‘e kast helje om oandacht te krijen. En dêr past dizze gearkomste goed by. It giet net oan om dêroer no in oardiel oer te jaan. Sa geane de dingen blykber. Mar der binne wol in pear apartichheden dy’t de argeleaze Tolkien-leafhawwer opfalle by dizze presintaasje:
* It is noch mar it earste diel fan in trilogy. Wêrom net daliks alletrije? Of giet it krekt as mei de film? Moat it publyk lekkermakke wurde foar de folgjende ôflevering en geduld oefenje? En wêrom is de útjouwer jierren lyn net kommen, tagelyk mei de film? Dat hie kommersjeel grif ynteressanter west.
* Oait meimakke dat de oersetter fan in boek sa yn it sintsje set wurdt? Hast as wie er de skriuwer sels? Panel-lid en oersetter Anne Popkema joech sels in treflike typearring fan de fertaler: it is ien dy’t graach boeken skriuwe wol, mar te min talint en fantasy hat. Meastal moat de fertaler genoegen nimme mei in beskieden honorarium en in plakje yn it kolofon.
* De fraach is fansels wat it minskdom better wurdt fan in oersetting fan Tolkien yn it Frysk. Wa’t it noch net lêzen hat, sil hjirtroch grif ek net oer de streep helle wurde.
* Om it noch gekker te meitsjen, docht de útjouwer syn bêst om boppeneamde fraach ek nochris mei klam op tafel te lizzen. Foarôfgeand oan de presintaasje is ien sprekker oan it wurd, en syn hele ferhaal is ien grut pleit tsjín dit projekt. ‘Ik sil sels gjin bek op dizze oersetting van Liuwe Westra sette’, stelt Anne Dykstra, folge troch: ‘Liuwe, lit dy oare beide mar sitte’. Syn arguminten tsjin sokke fertalingen binne oertsjûgjend en wurde de fierdere jûn net mear wjerlein.
* En dochs einiget de paneldiskusje mei de konklúzje dat der fierstentemin boeken oerset wurde, en dat mear ynternasjonale en by iderien bekende literêre monuminten yn it Frysk ferskine moatte.

Riedselachtich is it. Hoe kin soks? Watfoar útjouwer is tagelyk sa wol en net kommersjeel? Sit der soms mear achter? Hat dizze útjouwer soms in achterlizzend doel? De joviale mar soms ek ferrassend skerpe presintator Jelle Bangma stelt de fraach oan Goasse Brouwer fan Frysk en Frij. Brouwer is net it type poadiumbist en stiet dêr sichtber net op syn gemak foar al dy minsken. Syn antwurd is miskien ek dêrtroch wol tige bondich: ‘Nee, ik jou dit út omdat it moai is.’ It is it feilige antwurd fan ien dy’t wit dat er elke diskusje oer it nut en de kommersjele kânsen fan sa’n útjefte úteinliks dochs ferlieze moat. Dat nut is der net. Hâld it dêrom mar persoanlik. It is moai, foar wa’t der fan hâldt, en wa kin dêr wat op tsjin ha?

Brouwer lit him dêrnei wol wat mear yn ‘e kaart sjen as er opleppelet wat er noch mear yn petto hat oan útjeften. Samle fersen fan dy, samle wurken fan dy, in biografy fan dy-en-dy ferstoarne grutte skriuwer. ‘Mar dy binne allegearre dea’, ropt Bangma. ‘Ja krekt, en har wurk libbet’, is it antwurd, wêrmei’t it achterlizzende doel fan Frysk en Frij dochs wat dúdliker wurdt: bewarje wat noch net ferlern is. It grappige is dat it dêrmei – wierskynlik ûnbedoeld – oanslút by in belangryk tema yn it wurk fan Tolkien: spyt om alles dat moai wie en teloargiet of al wei is, en in djippe oertsjûging dat froeger alles better wie.

Nei Brouwer komt de held fan ‘e dei, oersetter Liuwe Westra, it poadium op. Hy sjocht der út as Bilbo Balsma (GBR: Baggins, NL: Balings) himsels, yn in soarte fan njoggentjinde ieuske meneare-outfit. Tsien jier hat er wurk hân. Noait mei tsjinsin, gjin spatsje stress. Seit er. Mar in oertsjûgjend antwurd op de fraach: wat is it nut?, hat er net. ‘It wie moai om te dwaan’, is syn ûnbefredigjende ferklearring. Hy hâldt dêrnei noch in hiel ferhaal oer de tûkelteammen fan it oersetten. Omdat er dûmny is, giet it sprekken him maklik ôf, der komt sels wat fan in preektoantsje yn. In preek yn trije punten sels. Ien fan dy punten blykt dochs nóch in ûnderbouwing fan it belang fan de oersetting: it wurk fan Tolkien is in monumint. ‘Dit sit yn ús kollektive geheugen. En sa’n monumint moat ek yn it Frysk beskikber wêze.’

Westra

Dan komt troch in wûnder fan technyk in man hielendal út Amearika op in grut skerm te sjen. De útjouwer hat út it wrâldwide netwurk fan Tolkien-leafhawwers in echte wittenskipper opdûkele. Professor Mark T. Hooker fan de universiteit fan Indiana is Tolkien-kenner en wol graach wat sizze oer dizze oersetting. In gesprek fia de gebrekkige skype-ferbining wol net slagje, mar aldergeloks hat de man wat ynsprutsen dat fia in powerpoint presintaasje hearre litten wurdt. Oan no ta wie it Nederlâns de meast oan it Ingels besibbe taal dêr’t de boeken fan Tolkien yn oerset wiene. Mar it Frysk is noch neier en dêrmei is dit foar taalkundigen in tige ynteressant boek! Dêrmei is der alwér in goede reden foar it útjaan fan dizze fertaling.

Nei in yntermezzo mei Tolkien-poëzij út ‘e mûle fan de mysterieuze dichteres Albertina Soepboer en in optreden fan it Seizoenenkoar, is it foarum oan bar. In protte fjoerwurk komt der lykwols net fan. Ien seit dat it ‘eigener’ is om in boek yn de eigen taal te lêzen. Gjinien giet der tsjinyn. Stimt de seal dermei yn dan? Teaterman Thijs Feenstra, spesjaal ynhierd om it publyk wat los te krijen en fjoer yn ‘e diskusje te bringen, kin de piperbus net echt fine, likemin as gesprekslieder Jitske Kingma. Gjinien doart hurdop te sizzen wat elkenien wit: minsken lêze makliker Hollâns as Frysk, op in heel lyts klupke nei. Dus dat ‘eigen’ is heel betreklik.
Liuwe Westra komt mei de opmerking dat sels nei it Ingels boeken oerset wurde – dus wa doart noch te sizzen dat oersette gjin doel hat? Gjinien seit lûdop dat dy 400 miljoen Ingelstaligen yn ‘e wrâld gjin inkelde oare taal machtich binne. Dat de stakkerts it dus fan oersettingen ha moatte as sy bygelyks Arnold Grünberg lêze wolle.

Geandewei de diskusje wurde seal en foarum ienriediger. Der moatte folle mear berneboeken komme. Pippi Langkous moat sa gau mooglik yn it Frysk. De skoallen moatte better har bêst dwaan, krekt as de âlden en alle minsken. Se moatte gewoan wer mear lêze! Allegearre! De minsken yn it foarum en in stikmannich yn ‘e seal wolle it leafst sa gau mooglik oan ‘e slach om al dy boeken te meitsjen, of oer te setten.
De advokaat fan ‘e duvel hat ûndertusken bekend dat er sels ek wolris in boekje oerset hat. En hy hat in wûnderlik argumint tsjin it oersetten fan berne-printeboeken nei it Frysk: dat benimt Fryske berne-printeboekeskriuwers de romte op ‘e merk! Ek seit er dat ‘it net mankearret oan de boeken mar oan de lêzers.’
Mar gjinien dy’t even de finger op it seare plak leit: it Frysk is oerboadich. Alle minsken yn Fryslân kinne better Nederlâns lêze as Frysk, en dat fine se gjin inkeld probleem. Sa dom wie de opmerking fan in ymport-mefrou yn ‘e seal dus ek wer net: sy pleite foar dûbeltalige boeken. Iene kant Frysk, oare kant Nederlâns.

En dêrmei is it ferhaal rûn: Friezen binne hobbits. In freonlik folkje dat it leafst lekker byinoar krûpt yn har gesellige hoalen, om elkoar kadootsjes te jaan, ferhaaltsjes te fertellen en aardich foarinoar te wêzen. Lekker ite, wat drinke, net te moeilijk dwaan en grutsk wêze op dy moaie taal. Moaie, passende ôfsluter wie it wurdsje fan Tony de Haan, foarsitter fan it Tolkien genoatskip Unquendor. Net om wat er sei, mar hoe. De net-Fries spriek de seal ta yn it Frysk! In moaiere aai oer de bol hiene dizze hobbits net winskje kinnen. Dus: daverjend aplaus.

Is it slim om hobbit te wêzen? Nee. In bytsje sneu miskien wol, mar slim is ‘t net. De hobbits binne fan alle figueren út de Tolkien-mytology de sympatykste. It libben yn it Goa is fan hege kwaliteit. It Frysk is der, en foar wa’t dêryn opgroeid is, is der gjin moaier taal. Dus sille der ek minsken wêze dy’t bliid binne mei dit boek dat se al fiif kear lêzen hawwe, mar dan yn dy oare taal, dy’t har op papier folle better leit, mar dêr’t se net datselde gefoel by ha. Dus sil de útjouwer de kosten der miskien wol úthelje kinne. Dus sille der ek wol wer mear oerboadige Fryske oersettingen komme fan monuminten út ‘e wrâldliteratuer.
It is in taai folkje, dy hobbits, en meiinoar hâlde se it lang út yn Midden-Ierde. Langer as de elfen, langer as de ‘dwirgen’, miskien sels wol langer as de Minsken.


Master fan alle ringen, diel 1 feestlik presintearre

.

It Tryater-gebou oan de Eastergrêftswâl yn Ljouwert waard freedtemiddei 25 novimber 2011 befolke troch in nuveraardich folkje. In bûnte samling fan sa’n twahûndert as hobbits, dwergen, minsken, elfen en oarken ferklaaide leafhawwers fan Fryske literateur wie dêr byinoar foar de presintaasje fan in unyk boek: de Fryske oersetting fan ien fan de grutste en meast ynfloedrike masterwurken út ‘e wrâldliteratuer: The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien. De Fryske titel is: Master fan alle Ringen.

Yn in feestlike gearkomste oerhannige oersetter Liuwe Westra it earste eksimplaar fan ‘It Selskip fan de Ring’ oan syn frou Baukje Westra-Keulen. Westra hat tsien jier oan de oersetting arbeide. Oft diel twa en trije ek sa lang ûnderweis wêze sille, koe er net sizze. “Ik ha no fiif haadstikken ôf fan diel twa”, ferklapte er. It idee om Tolkien yn it Frysk oer te setten kaam by him op doe’t it earste diel fan de ferfilming yn ‘e bioskoop draaide, no tsien jier lyn.

By syn fertaalwurk hie Westra in protte oan de advizen fan de Amerikaanse professor Mark T. Hooker fan ‘e universiteit fan Indiana. Hooker is taalkundige, en stiet wrâldwiid bekend as in grut kenner fan Tolkien. Fia in skype-ferbining wie Hooker te gast by de boekpresintaasje. Hooker ferklearre dat dizze 58ste oersetting fan The Lord of the Rings in spesjaal plakje by him hat. It Frysk is de taal dy’t it tichtsteby it Ingelsk leit, de taal dêr’t Tolkien sels yn ‘libbe’. In oersetting nei dizze taal hat dêrom de grutste kâns dat de bedoeling fan de skriuwer sels maksimaal ta syn rjocht komt. De Fryske oersetting is dêrom, sa sei Hooker, ekstra nijsgjirrich foar taalkundigen.

Kommersjeel is it in spannend projekt, dizze útjefte. Jildsjitters wiene noadich en waarden fûn by de provinsje en ferskillende kulturele Fryske fûnsen. Fertsjintwurdigers dêrfan wiene dan ek oanwêzich by de presintaasje. Sy koene sadwaande ek mei diskussearje oer it nut en de needsaak fan útjeften lykas dizze. Om dy fraach goed út te djipjen wie der in foarumdiskusje mei saakkundigen op dit gebiet.

Is der wol in merk foar oersettingen? Wolle de minsken se wol lêze? Dy fragen kamen oan bar. De mieningen binne ferdield. De earste sprekker, Anne Dykstra fan de Fryske Akademy, sei sûnder pardon: ‘Lit mar sitte, ik sil der gjin bek op sette’.

Mar dizze ‘abbekaat fan ‘e duvel’, sa’t er himsels neamde, hat dochs nochal in iensume posysje yn ‘e Fryske literêre wrâld, sa die bliken. Foarum en seal wiene ienriedich fan miening dat it belangryk is dat monuminten út ‘e wrâldliteratuer ek beskikber wêze moatte yn it Frysk. Datselde jildt benammen ek foar berneboeken. Dat dizze wurken by it publyk al bekend binne, docht neat oan dit ferlet ôf. Yn de eigen taal is it dochs eigener.

Troch de ynset fan teaterman Thijs Feenstra kaam it ta in libbene diskusje tusken foarum en seal. In moaie útsetter is it wurdsje fan Tony de Haan, foarsitter fan it Tolkien-genoatskip Unquendor. De net-Fries De Haan sprekt de seal ta yn aardich geef Frysk. Dat leveret him in waarm applaus op.

Besjoch û.o. de foto’s.

Ferslach


Ferslach Friesch Dagblad

 

Roman

Spannende, benaude en merakelse aventoeren yn Tolkiens fiktive wrâld Midierde oerset yn geef en oansprekkend Frysk troch Liuwe Westra.

De Hobbit Frodo Balsma krijt fan syn âlde nuveraardige omke Bilbo in wûnder kado presint: in magyske ring dy’t yn oerâlde tiden makke is troch de Tsjustere Hear Sauron om dêr de wrâld finaal mei te oerhearskjen. Frodo stiet foar de drege taak om dat op te kearen. Hy moat de Ring yn it fjoer fan ’e fulkaan, dêr’t dy yn smeid is, smite.

Dat smyt spannende, benaude en merakelse aventoeren op. Us krigele stek-yn-’e-bûse striidt tsjin – en mei – dwirgen, elven, keningen, ferflokte legers, trochtrape tsjoenders, mysterieuze Ringgeasten, fûle rôffûgels, mesjoche meunsters en oar aaklik njirrebrod.

Dat alles spilet yn in eksoatysk lânskip – ûnder- en boppe-ierdsk, paradyslik en tagelyk ûnherberchsum – mei idyllyske bosken, net te betwingen bergen, ûnpeilbere ravinen en dûnkere hoalen, kerbûstige rivieren en ûneinige seeën: Midierde – in fiktive wrâld, dy’t J.R.R. Tolkien sels skoep, kompleet mei folken, talen, skiednis en mytology.

De Hobbit fan John Ronald Reuel Tolkien (Bloemfontein 1892 – Bournemouth 1973) is de prolooch op Master fan alle Ringen, en stiet oan ’e widze fan ’e saneamde fantasy-literatuer.
De wrâldwiid populêre trilogy The Lord of the Rings (Hollânske oersetting: In de ban van de Ring) is ferfilme troch Peter Jackson en yn tsientallen talen oerset, dit is de fjouwerenfjirtichste.

Liuwe Westra levere in masterstik mei syn Fryske oersetting fan it earste diel The Fellowship of the Ring, It Selskip fan de Ring. Tolkien hie dêr grif niget oan hân, want hy begong syn wurk eins gewoan as taaloefening.


Resinsje LC 5 jannewaris 2012

resinsje


Piter Jelles Priis foar Oerfeart

.

Aggie van der Meer hat de Piter Jelles Priis 2011 fan de gemeente Ljouwert krige foar har historise famyljeroman Oerfeart. It boek, yn 2006 útjûn troch Frysk en Frij, is te krijen by Utjouwerij Elikser.